Ien taryfsysteem en cashleas betelje yn de bus

05 des 2017 - 19:38
Foto: ANP

Reizgers kinne ynkoarten net mear mei kontant jild in kaartsje yn de bus fan Arriva keapje. Fan 1 jannewaris ôf moatte alle oankeapen yn de bussen cashleas dien wurde, dus mei in pinpas, kontaktleas of mei in creditcard. Wol bliuwt it op guon plakken yn de provinsje mooglik om in buskaartsje te keapjen mei kontakt jild. Oanlieding foar de maatregel binne de oerfallen fan ferline jier. It reizgjen soe troch de nije maatregel feiliger wurde moatte foar de sjauffeur en de reizgers, tinkt Arriva.

Njonken it cashleas beteljen, komt der ek in nij taryfsysteem yn de provinsje. Sa jilde straks yn Fryslân deselde regionale abonneminten foar busreizgers.

Trefwurden: 
bus Arriva Cash
(Advertinsje)
(Advertinsje)