Europa jout gjin subsydzje foar bredere slûs Koarnwertersân

05 des 2017 - 19:32

In ôffaller foar de Provinsje Fryslân yn de plannen foar de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. In Europeeske oanfraach foar in bydrage fan 26,5 miljoen euro is ôfwiisd. Neffens 'Brussel' soenen de 'Overzeese mogelijkheden' en kust- en binnenfeart no minder goed skoare yn de plannen. Dat ferrast deputearre Klaas Kielstra. Neffens him hie de provinsje yn eardere plannen noch te hearren krigen dat op dy betingsten hiel goed skoard waard. Kielstra sil oer de plannen ynkoarten fierder prate mei it ministearje. Dêrby sil ek sjoen wurde nei alternative mooglikheden om it plan foar de ferbreding fan de slûs betelle te krijen.

Doel wie earder om al yn 2018 útein te setten mei it renovearjen fan de slûs en de twa brêgen. Dat liket no fierwei. Yn septimber sei CDA-Europarlemintariër Wim van de Camp noch dat Fryslân in goede kâns makke op Europeeske subsydzje. Neffens van de Camp hat Europa jild beskikber foar it ûntwikkeljen fan saneamde 'haadtransportassen'. De Ofslútdyk foldocht sels net oan dat kritearium, mar as de Ofslútdyk by de regio Amsterdam rekkene wurdt, kinne jo dochs subsydzje krije, sei de Europarlemintariër doe.

It plan foar it oanpakken fan de slûs by Koarnwertersân moat likernôch 150 miljoen euro kostje. It regear, de provinsjes Flevolân en Oerisel en it Waadfûns hienen earder al in bydrage tasein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)