FIOD docht ynfal yn Drachten yn ûndersyk wytwasksaak

05 des 2017 - 18:00

Yn in ûndersyk nei it wytwaskjen fan 5 miljoen euro hat de FIOD moandei in ynfal dien yn in gebou yn Drachten. Om watfoar gebou it giet is net bekend. De opspoaringstsjinst fan de belestingtsjinst hat ek ynfallen dien yn Naarden, Hilversum, Almere, Loosdrecht en Lunteren.

De ynfallen wiene yn wenningen en bedriuwsgebouwen. Dêrby binne seis fertochten oanholden en is beslach lein op administraasje en kompjûters. RTL Z meldt dat ûnder oaren de direkteuren fan Readen en webwinkel Neckermann oanhâlden wêze soe.

Trefwurden: 
ynfal FIOD wytwasksaak Drachten
(advertinsje)