FIDEO: Sinteklaas bringt kadootsjes by sike bern yn MCL
Elkenien sjocht der al tiden nei út: pakjesjûn! Foar de bern dy't yn it sikehûs lizze, is dat somtiden wat lestich. Mar dêr hat Sinteklaas wat op fûn. Hy wie tiisdeitemiddei yn it Medysk Sintrum Ljouwert en brocht dêr mei syn Piten pakjes foar de sike bern. De Sint krige sels ek wat: in hearlik bakje tee fan de lytse Jake.