Fermiste Remon net fûn, sykjen giet woansdei fierder

05 des 2017 - 16:47

De syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma yn Ljouwert hat neat opsmiten. Tiisdei is it wetter by stedsskouboarch De Harmonie ôfsocht mei sonarapparatuer. Der binne ek dûkers ynset. Dy moatte sjen wêr't it krekt om giet, as der wat fûn wurdt. No't tiisdei neat fûn is, giet de syktocht woansdei fierder, op itselde plak.

De 18-jierrige Remon Bruinsma út de Westereen wurdt sûnt ferline wike tongersdeitenacht fermist, neidat er yn Ljouwert te stappen wie. De plysje is sûnt dy tiid op syk nei him. Tiisdei hawwe ek frijwilligers meiholpen by de syktocht.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma fermist
(Advertinsje)
(Advertinsje)