Yn de bystân yn Harns en belestingjild weromkrije?

05 des 2017 - 15:39
Foto: ANP

Minsken yn Harns mei in bystânsútkearing kinne kontrolearje litte oft se noch jild weromkrije kinne fan de belesting. Se kinne mei in spesjalist sjen nei eigen situaasje. Mooglik dat se yn oanmerking komme foar taslaggen of dat se belestingsinten weromkrije kinne oer de lêste fiif jier.

Ut ûndersyk docht bliken dat in soad minsken jild lizze litte, wylst se der wol rjocht op hawwe. De gemeente Harns biedt de belestingtsjek fergees oan oan minsken dy't bekend binne by de sosjale tsjinst. De sesjes mei in belestingspesjalist binne yn jannewaris en febrewaris yn MFC Het Vierkant.

Trefwurden: 
belesting Harns bystân
(Advertinsje)
(Advertinsje)