Drachtster kriget straf foar delstekken plakgenoat

05 des 2017 - 15:09
Foto: ANP XTRA

In man út Drachten hat in finzenisstraf fan alve dagen, plus in wurkstraf fan 220 oeren krigen, omdat er in oare man delstutsen hat. Dy man wie tegearre mei syn sweager nei it hûs fan de fertochte gien om ferhaal te heljen nei in rûzje yn de relasjonele sfear. De rûzje rûn út de hân en der ûntstie fjochterij. Dêrby waard it slachtoffer delstutsen.

De fertochte komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring en hy moat himsels behannelje litte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)