Oanspielde potfisk oerbrocht nei Harns

05 des 2017 - 14:43
Foto: ANP

De potfisk dy't ferline wike freed oanspielde op in strân yn Seelân, is oankaam yn Harns. De fisk fan mear as 13 meter lang is yn ferskate konteners ferfierd. Woansdei sil it team fan natuermuseum Naturalis yn Leiden begjinne om it skelet fan de potfisk skjin te meitsjen. De ferwachting is dat se hjir twa dagen mei dwaande binne. As it skelet skjin is sil it in plakje krije yn it museum yn Leiden.

De potfisk spielde oan op it strân by Domburg. Neffens Omrop Seelân komt it net faak foar dat potfisken yn de provinsje oanspiele. De lêste kear wie yn jannewaris 1970 op in sânplaat yn de Westerskelde. In fisker fûn it bist en sleepte it nei it strân fan Breskens.

Trefwurden: 
potfisk Harns Naturalis
(advertinsje)
(advertinsje)