Dûkers yn it wetter by Harmonie yn Ljouwert

05 des 2017 - 14:04

Yn de syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen set de plysje op dit stuit dûkers yn om it wetter by skouboarch De Harmonie te ûndersykjen. Dêr is troch sonarapparatuer wat yn it wetter sjoen. De dûkers ûndersykje wêr't it krekt om giet. De 18-jierrige Remon Bruinsma wurdt sûnt tongersdeitenacht fermist, neidat er yn Ljouwert te stappen wie. De plysje is sûnt dy tiid oan it sykjen nei him. Hjoed hawwe ek frijwilligers holpen by dy syktocht.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma dûkers
(advertinsje)
(advertinsje)