Persoan mei auto te wetter yn Jobbegea

05 des 2017 - 13:42
De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich yn Jobbegea - Foto: Srfotografie

Op de Jogchem Alberdawei yn Jobbegea is tiisdeitemiddei in auto yn it wetter rekke. Neffens de plysje siet der ien persoan yn de auto. Dy is der úthelle troch de helptsjinsten en fersoarge troch ambulânsepersoniel. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter oproppen. De tadracht fan it ûngelok wurdt ûndersocht. Foar safier bekend wiene der gjin oare auto's by belutsen.

Trefwurden: 
ûngelok Jobbegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)