Al 12.000 euro foar ûndersyk nei Alzheimer

05 des 2017 - 13:11

Yn fiif dagen tiid is al hast 12.000 euro jûn foar mear ûndersyk nei de sykte fan Alzheimer. Oanlieding is de donaasje-aksje ta oantinken oan ús Omrop-kollega Dirk Baron, dy't syn famylje opset hat. Dirk ferstoar ferline wike, hy wie 37 jier. Hy hat yn de lêste faze fan syn libben besletten om sawol foar syn ferstjerren as dêrnei in bydrage leverje te wollen oan it ûndersyk dat it VUmc Alzheimersintrum yn Amsterdam docht nei dizze sykte.

Neffens professor doctor Philip Scheltens fan it Alzheimersintrum is de bydrage dy't Dirk ek nei syn ferstjerren oan it ûndersyk leveret tige wichtich.

Trefwurden: 
Alzheimer ûndersyk donaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)