Selstraf easke foar oplichterij mei telefoanabonneminten

05 des 2017 - 13:00
De rjochtbank - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar de Ljouwerter rjochtbank is tiisdei fjouwer moanne sel easke tsjin in âld-ynwenner fan Boalsert foar oplichterij mei telefoanabonneminten. De 31-jierrige fertochte soe trettjin minsken oerhelle ha, om mobile abonneminten yn kombinaasje mei djoere telefoans ôf te sluten. Dêrnei liet er syn slachtoffers foar de kosten opdraaie, yn totaal 31.000 euro. Neffens in psycholooch hat de man psychyske problemen en is er net folslein tarekkenber. De offisier fan justysje easke dêrom ek ferplichte behanneling en ek noch fjouwer moanne sel ûnder betingst.

De rjochtbank yn Ljouwert docht op 19 desimber útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)