Frijwilligers sykje mei nei fermiste Remon Bruinsma

Yn Ljouwert wurdt tiisdei opnij socht nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen. Dit kear binne it frijwilligers, dy't nei in oprop op Facebook yn aksje komme. De 18-jierrige Remon wurdt sûnt tongersdeitenacht fermist, nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. Syn telefoan waard de folgjende dei foar de C&A yn Ljouwert fûn, fan himsels ûnbrekt elk spoar.
De plysje is al sûnt freed nei Remon op syk, ek tiisdei wer op en om it wetter yn Ljouwert. Moandei frege syn famylje om bylden fan kamera's yn de binnenstêd, yn de hoop mear te witten te kommen oer de fermissing fan Remon.