Manifest: mear jild foar keunst en kultuer

05 des 2017 - 12:14

Der moat mear jild nei keunst en kultuer, en oerheden moatte struktureel jild stekke yn festivals yn Fryslân. Dat skriuwe de organisatoaren fan festivals yn in manifest. It manifest is stjoerd nei ûnder oare de provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert en it ministearje fan OCW. It is ûndertekene troch organisatoaren fan festivals en oare kulturele ynstellingen as Tryater, De Lawei en de Academie voor Popcultuur. Festivals yn Fryslân wolle mear stipe omdat dy in poadium biede oan kulturele fernijing, en omdat se in nij publyk lûke. Mar festivals krije yn ferhâlding mar in bytsje subsydzje fan de provinsje en fan de gemeente Ljouwert. Boppedat moatte se it alle jierren opnij oanfreegje, sadat se noait finansjele sekerheid hawwe.

It manifest is in reaksje op it plan fan de provinsje, om de kulturele ynfrastruktuer oan te passen. No tongersdei is dêr in harksitting oer. De fraach is dêr oft it beskikbere jild foar kultuer opnij ferdield wurde moat, en hoe dan? In protte kulturele ynstellingen as it Fries Museum en Keunstwurk binne benaud dat dat ta skea gean sil fan de subsydzje. Se wolle net tsjin elkoar útspile wurde. Festivalorganisatoaren sizze dat der krekt ekstra jild nei keunst en kultuer moat, foar nei it Kulturele Haadstêd jier 2018. Oars falt alles werom by it âlde en sille in protte kultuermakkers de provinsje ferlitte. Foar de útstrieling nei bûten ta en it lûken fan besikers nei Fryslân moat der krekt ynvestearre wurde yn kultuer. Op dit stuit bart der temin yn Fryslân dêr't kultuertoeristen foar komme wolle.

Trefwurden: 
kultuer Fryslân LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)