Basisûnderwiis staakt kommende tiisdei opnij

05 des 2017 - 11:53

Leararen yn it basisûnderwiis sille kommende tiisdei opnij stake, no't it kabinet net yngien is op it ultimatum fan de aksjegroep PO-Front. De leararen easkje 1,4 miljard euro ekstra foar it basisûnderwiis. Dat jild is bedoeld foar hegere salarissen en ferleging fan de wurkdruk. Mar neffens minister Arie Slob kin it regear net mear biede as 750.000.000 euro.

Begjin oktober hâlden de leararen ek al in lanlike staking. De measte basisskoallen bleaune doe ticht, wylst de masters en juffen nei Den Haag wiene om te protestearjen.

Trefwurden: 
staking basisûnderwiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)