Dronken 'nachtskipper' tsjin brêge 't Heechhout by Lekkum

05 des 2017 - 11:00
Plysje - Foto: ANP

In 24-jierrige dronken skipper út Snits is yn de nacht fan moandei op tiisdei om twa oere hinne mei syn jacht tsjin de brêge 't Heechhout by Lekkum botst. In tsjûge dy't de klap hearde warskôge de plysje. Dy seach fierderop yn de Bonkefeart it belutsen jacht farren. Der sieten meardere minsken op de boat.

It skansearre jacht waard oan de kant lein. De 24-jierrige skipper joech ta dat hy dronken hie. De man woe net sizze wat hy en syn maten midden yn de nacht op it wetter te sykjen hiene. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De gemeente Ljouwert sil tiisdei sjen hoe grut de skea oan de brêge is.

Trefwurden: 
skipper dronken brêge Lekkum
(advertinsje)
(advertinsje)