Grûnkeapers Lindewyk yn Wolvegea kinne noch net bouwe

05 des 2017 - 10:42
Der is aardich flecht op 'e koai yn de Lindewyk

De gemeente Weststellingwerf hat neffens de CDA-fraksje kavels yn de Wolvegeaster Lindewyk ferkocht, wylst se de grûn noch net hielendal yn eigendom hie. It giet om kavels oan it Heideblauwtje. De grûn is eigendom fan Steatsbosbehear en yn erfpacht by it Fryske Gea. De gemeente hie de grûn al bouryp makke, mar kaam der doe achter dat se in diel fan de grûn noch net yn eigendom hie.

Der wurdt praat mei Steatsbosbehear oer it oernimmen fan de grûn, mar yntusken binne de kavels al wol ferkocht. Keapers fan de kavels binne bang dat se net bouwe kinne of dat de plannen fertraging oprinne. De CDA-fraksje wol no witte wat de gefolgen krekt binne en as de gemeente wurket oan in oplossing fan it probleem.

De gemeente koe woansdei noch neat sizze oer de fragen fan it CDA. Earst sil de fraksje op de hichte steld wurde.

Trefwurden: 
Wolvegea CDA Lindewyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)