Brân yn swimbad Drachten, personiel krijt reek binnen

05 des 2017 - 10:00

Yn swimbad De Welle yn Drachten hat tiisdeitemoarn koarte tiid brân west. De brân wie yn in sauna yn it swimbad. Personielsleden besochten earst it fjoer út te meitsjen en krigen dêrby reek binnen. Sy binne behannele troch ambulânsepersoniel.

De brânwacht naam it blussen oer en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De brânwacht wie mei meardere auto's nei De Welle kaam. It swimbad waard út foarsoarch ûntromme. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)