Twa drugsriders yn Ljouwert oanholden

05 des 2017 - 08:40
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat twa drugsriders fan de dyk helle. In 20-jierrige Ljouwerter waard yn de Wijbrand de Geeststrjitte oanholden. Der is nei de earste drugstest in bloedproef by him dien. Hy krige in rydferbod fan 24 oeren. Dat krige in 19-jierrige automobilist út Hurdegaryp ek. Dy waard yn deselde strjitte oan de kant set. Ek fan dizze bestjoerder is in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
drugsrider Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)