Slachtemaraton kin yn 2018 ek yn ien dei

Dielnimmers oan de Slachtemaraton kinne takom jier ek foar ien dei ynskriuwe. Der binne foar de freed en de sneon kaarten foar ien dei te krijen. Dat hat de organisaasje tiisdeitemoarn bekend makke. Fanwege Kulturele Haadstêd 2018, makke de organisaasje in evenemint fan twa dagen fan de kuiertocht. Dêrtroch rûn it oantal dielnimmers efter by de ferwachtingen. In soad minsken joegen oan dat se net twa dagen efterinoar in lange kuiertocht meitsje wolle of kinne.
De deitochten binne opdield. De earste dei giet de rûte nei Wommels. De twadde dei is de start by Kûbaard. Der binne oant no ta 4000 kaarten ferkocht. De Slachte oer twa dagen bliuwt, mar minsken dy't omboeke wolle kinne dat dwaan.
De Slachtemaraton is op freed 31 augustus en sneon 1 septimber. Freonen fan de Slachte kinne har foar ien fan de dagen ynskriuwe op sneon 9 desimber fan moarns 6.00 oere ôf. Sneon 16 desimber binne alle oare belangstellenden oan bar.