Kollum: "Oanreitsjen is libbensferlet"

05 des 2017 - 08:26

"Diny wurket yn de thússoarch. No wit elkenien stadichoan wol hoe’t it dêrmei sit. It is in race tsjin de klok. Tiid om in praatsje te meitsjen is der amper. Dat jildt dus ek foar Diny. Se fertelt dat se by guon minsken allinne even oer de flier stie om te freegjen oft alles goed wie. Oant se har oanwûn om foar it ôfstekken de minsken in hân te jaan. En hoe’t it har opfoel dat se dy bytiden lang beethâlden, en dingen seine lykas: "wat hasto lekkere waarme hannen."

Hjoed-de-dei is Diny altyd letter thús om’t se tiid nimt om minsken oan te reitsjen, ek as der gjin reden foar is. Neat bysûnders, in aai oer de rêch, in hân op it skouder, by guon in krûpke. Op eigen manneboet hie se útfûn dat der sawat as ‘hûdhonger’ bestiet. It ferlet fan fysyk, minsklik kontakt. Yn tiden fan hashtags en misbrûksaken in nuodlik ûnderwerp. Dochs is it sa dat oanreitsjen in libbensferlet is. Like essinsjeel as iten en drinken, miskien sels essinsjeler.

Dat witten is ûntstien út in kontroversjeel eksperimint fan de Amerikaanske psycholooch Harry Harlow. Dy helle jonge makaak-aapkes by de mem wei en joech se de kar tusken twa alternativen. It iene wie in blok hout mei triedden, it oare in blok hout, beklaaid mei in lape stof. Alle baby-apen keazen foar de lape stof, wylst it blok hout mei triedden in flesse mei molke hie dêr’t se út drinke koene. Syn konklúzje wie dat it ferlet fan waarmte en oanreitsjen op syn minst sa grut wie as ferlet fan iten en drinken. Fierder ûndersyk oer de effekten fan oanreitsjen befêstigje dat.

Te min of hielendal gjin oanreitsjen kin fan gefolgen ha dat it brein himsels ‘reset’, en dêrmei psychologyske en medyske problemen feroarsaket. No’t minsken hieltyd âlder wurde groeit de hûdhonger ek. It iensum wêzen, it missen fan in partner, ien dy’t jo ris oer de rêch strykt of de earmen om jin hinne slacht. Mear noch as in goede fersoarging blykt oandacht en oanreitsjen wichtich te wêzen. Yn in maatskippij dêr’t yndividualisme foar master opslacht, wurdt soms fergetten dat minsken groepsdieren binne. Wy ha ferlet fan sosjale ynteraksje lykas oanreitsjen.

Dat jildt likegoed foar minsken dy’t demintearje. Dy reitsje stadichoan yn in isolemint. Se reitsje harren spraak bytiden kwyt en kinne dan net goed mear kommunisearje. Guon soarchlokaasjes ha dêrom eksperimintearre mei dûnsjûnen. Inoar beethâlde mei in moai stikje muzyk derby. De resultaten wiene opmerklik. Minsken waarden fleuriger, hiene mear heldere mominten en libben yn it algemien mear op. "It is in befêstigjen fan it minsk-wêzen," seit Joris Slaets, direkteur fan it kennisynstitút Leyden Academy en heechlearaar âlderengenêskunde. "Oanreitsjen is libbensferlet. De taast is it meast primêre gefoel dat minsken ha. Dat bliuwt, ek ast demintearrest. Ast minsken oanrekkest komst by it emosjonele ûnthâld. Dêrom libje se op."

Dat hie Diny dus op eigen manneboet útfûn. Dêrfandinne is se altyd letter thús. Mar dat kin har neat skele. "Se ha it nedich," seit se. "Wy ha inoar nedich."

(advertinsje)
(advertinsje)