Frijwilligers begjinne sykaksje nei fermiste Remon

De plysje hat moandei socht yn de stedsgrêften fan Ljouwert nei de fermiste Remon Bruinsma © Anton Kappers
In groep minsken sil tiisdeitemoarn sykje nei de fermiste Remon Bruinsma út De Westereen. De groep sammelet om 9.00 oere by restaurant E10 by Ryptsjerk en sil dêrwei fierder nei Ljouwert. Se komme om 9.30 oere byinoar by de C&A op de Nijstêd. De oprop komt fan Andrea Elzinga op Facebook. Se fynt dat de fermissing al fierstente lang duorret en wol dêrom sels yn aksje komme. Se hopet safolle mooglik minsken mei te krijen. It berjocht is al goed 1.400 kear dield op Facebook.
De 18-jierrige Remon Bruinsma wurdt sûnt tongersdeitenacht fermist. Hy wie doe op stap yn Ljouwert, mar is oant no ta net thúskaam. De plysje hat de ôfrûne dagen mei boaten, hûnen en in helikopter socht yn Ljouwert.