Ofslaande 45-km-auto ramd troch ynheller dy't trochrydt

04 des 2017 - 22:29
Foto: Sicco Riedstra

In trochrider nei in ûngelok yn De Houtigehage is moandei troch de plysje oanhâlden. De bestjoerder hie mei syn donkerkleurige Volkswein oan 'e ein fan de middei in ûngelok feroarsake. Op de Folgersterloane woe in 45-km-auto linksôf slaan. Auto's dêrachter remmen ôf, mar de donkere Volkswein helle hurd de rige auto's yn. Hy ramde dêrnei de 45-km-auto fan achteren.

De bestjoeder fan de ôfslaande auto is troch ambulânsepersoniel ûndersocht. Hy wie net ferwûne, sa die bliken. De trochrider is letter oanhâlden. Hy hie gjin rydbewiis, sa die bliken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)