Dronken Urker rydt stadich yn stikkene auto op A32

04 des 2017 - 22:14
De A32 by Wurdum - Foto: Google Street View

De plysje hat sneintenacht by Akkrum in dronken Urker fan de A32 helle. Hy foel de plysje op omdat er stadich ried en syn auto in soad skea hie. De 31-jierrige begjinnend bestjoerder út Urk hie fierste folle drank op. Letter dyselde nacht ûntduts de plysje in stikken riden lampepeal op de Werpsterhoeke, flakby Wurdum. Tsjin de autobestjoerder út Urk sil proses-ferbaal opmakke wurde.

Earder dyselde jûn waard in 20-jierrige Ljouwerter trappearre op riden ûnder ynfloed fan drugs. Dat die bliken út in flibetest. De man krige in rydferbod fan 24 oeren. Hy waard oanhâlden yn de Wybrand de Geeststrjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)