Fjouwer auto's belutsen by ûngelok by Wolvegea

04 des 2017 - 21:58
Foto: De Vries Media

In auto mei oanhinger hat moandeitejûn in ûngelok feroarsake op de Pieter Stuyvesantwei by Wolvegea. Dat barde doe't de karre troch noch ûnbekende oarsaak begûn te slingerjen en in temjitte kommende auto rekke. In tredde auto dy't oan de kant fan de dyk stie, waard ek rekke. Op de karre dy't it ûngelok fersake waard hout en stien ferfierd. Dat kaam op de dyk telâne nei de botsing. In fjirde auto ried oer de planken op de dykt hinne en dêrtroch ek skea.

Gjinien rekke ferwûne by it ûngelok. It hout en de stien op de dyk binne ûnderwilens oprêden. Alle fjouwer auto's rûnen skea op by it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)