Jong Cambuur dochs noch ûnderút tsjin Jong NEC

04 des 2017 - 20:56
Foto: Omrop Fryslân

De beloften fan Sportklup Cambuur hawwe moandeitjûn de wedstriid yn de reservekompetysje tsjin Jong NEC ferlern. It waard 3-2 yn Nijmegen foar de thúsploech.

Cambuur kaam betiid yn de earste helte efter, mar bûgde de stân troch doelpunten fan Tyrone Conraad en Nigel Robertha om yn in 2-1 foarsprong. Yn de twadde helte giene de Ljouwerters dochs noch ûnderút troch twa doelpunten fan Jong NEC.

Trefwurden: 
Jong Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)