Advys ynformateur SWF: Koälysje CDA, PvdA, VVD en GrienLinks

04 des 2017 - 20:43

Ynformateur Sander de Rouwe advisearret de politike partijen yn Súdwest-Fryslân in koälysje te foarmjen fan CDA, PvdA, VVD en GrienLinks. Fierders stelt er in kolleezje foar mei fiif wethâlders, wêrfan't it CDA twa leveret en de oare partijen elk ien. De koälysje kin rekkenje op 24 fan de 37 sitten yn de gemeenteried. Ien en oar betsjut dat FNP en D66 bûten it kolleezje falle soene. Dy twa partijen sitte no yn it kolleezje fan Súdwest-Fryslân.

CDA-deputearre De Rouwe prate ferline wike mei alle njoggen fraksjes dy't fan takom jier ôf yn de nije gemeenteried fan Súdwest-Fryslân sitte. De gemeenteried bepraat it advys tongersdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)