Oerolfestival yn ûnwissens oer ferfanging Westerkeynterrein

04 des 2017 - 20:24
  • Marelie van Rongen fan Oerol fynt it spannend

It is noch lang net wis oft it Oerolfestival takom jier wol trochgean kin. It sjocht der nei út dat it haadterrein dêr't Oerol oant no ta hâlden waard, net beskikber is. De eigener fan it terrein wol dêr fakânsjehúskes bouwe litte. En dan is der gjin romte mear foar in grut festival. De organisaasje fan Oerol hat hiel Skylge ôfsocht nei oare terreinen, mar foar safier't dy der binne, binne se net te beteljen. Se hawwe ien plak fûn dat oan alle easken foldocht, mar dat is eins te djoer. Se moatte it terrein dan yn trijen opdiele. en dus trije kear betelje foar stroom en trije kear foar wetter. "Dat gaat in de papieren lopen", seit algemien direkteur Marelie van Rongen fan Oerol. 

In geskikt terrein moat oan hiel wat easken foldwaan, seit Van Rongen.  "Je moet riolering hebben, bereikbaar zijn voor het publiek, het mag niet te laag liggen, dan is het te nat, je moet rekening houden met de natuur en er moet ruimte zijn voor het festival."

"Om Oerol te kunnen doen, moet je een festivalhart hebben. Aflassen willen we niet. Dat wil niemand. Ik ben heb er vertrouwen in dat we er met alle eilanders uitkomen. Maar daar hebben we wel de gemeente bij nodig. Die moet hier goed naar kijken. En vooral snel."

De gemeenteried fan Skylge praat moandeitejûn mei de organisaasje fan Oerol oer de situaasje.

(advertinsje)