Provinsje wol mooglik oare ferdieling kultuerjild

04 des 2017 - 20:09

Der sil de kommende fjouwer jier net besunige wurde op kultuer yn Fryslân, al is it wol mooglik dat de subsydzjes oars ferdield wurde. Dat sei deputearre Sietske Poepjes yn It Polytburo. De kulturele ynstellingen meitsje harren dêr grutte soargen oer, mar neffens Poepjes moat der foaral better gearwurke wurde. Sa kinne nijkommers ek yn oanmerking komme foar jild fan de provinsje.

Guon subsydzje-ôfspraken binne al yn de jierren '70 fan de foarige iuw makke. Kommende tongersdei hâldt de provinsje in harksit oer dit ûnderwerp. De opposysje yn Provinsjale Steaten fynt dat der te min fisy yn de kultuernota fan deputearre Poepjes sit. Sy wolle útstel fan de nota.

(Advertinsje)
(Advertinsje)