'Waadorka' Morgan yn ferwachting fan in jong

04 des 2017 - 19:12
Orka Morgan - Foto: ANP

'Waadorka' Morgan is yn ferwachting fan in jong. It bist waard yn 2010 slim ferswakke oantroffen yn de Waadsee by It Amelân. Earst waard Morgan opfongen yn it Dolfinarium. Dêrnei waard it, nettsjinsteande protesten fan biste-aktivisten, nei in attraksjepark op Tenerife brocht. Neffens de bistedokter fan it park giet it goed mei de sûnens fan it 11-jierrige wyfke.

Trefwurden: 
orka Morgan
(advertinsje)
(advertinsje)