Cambuurspilers en Swarte Piten ferrasse bern mei pakjes

In grutte ferrassing foar tweintich gesinnen yn de buert fan it Cambuurstadion yn Ljouwert. Dêr stiene moandei ûnferwachts in tal Swarte Piten en Cambuurspilers foar de doar mei kadootsjes. De bern krigen de Sinteklaaspakjes, om't by guon húshâldingen net foldwaande jild is om kado's foar de bern te keapjen.
De maatskiplike stichting fan Cambuur, Cambuur Verbindt, hat de aksje organisearre.