Famylje fermiste Remon docht oprop foar kamerabylden

04 des 2017 - 17:43

De famylje fan de fermiste Remon Bruinsma út De Westereen ropt minsken dy't kamerabylden hawwe fan de Ljouwerter binnenstêd om dy beskikber te stellen. Remon wurdt sûnt tongersdeitenacht fermist. Hy wie op stap yn Ljouwert. Syn telefoan waard de oare deis fûn, fan Remon sels is noch altyd gjin spoar. Yntusken is der yn de Ljouwerter grêften nei him socht en hat in plysjehelikopter boppe Ljouwert omsirkele. De famylje hopet dat der kamerabylden binne dy't mear dúdlikheid jaan kinne oer wat der mei Remon bard is.

"Sjoch asjeblyft. As jo wat tsjinkomme wêrfan't jo tinke dat it Remon wêze kin, jou dat dan troch oan ús of oan de plysje fia 0900-8844. Wy tinke dat der wat hiel slims oan de hân is," seit Ansje Dijkstra, de mem fan Remon. "De speurhûn fan de plysje hat in spoar fûn dat rjochting De Harmonie yn Ljouwert giet. De plysje wol dêr fierder sykje, mar de sonarboat wêrmei't se dat dienen, is op it stuit yn Seelân oan it sykjen nei ien fan de fiskers dy't dêr fermist rekke mei de boat."

Remon wie mei klasgenoaten fan Stenden op stap yn Ljouwert. Yn de Doelestege rekke er syn klasgenoaten en ek de jonge dêr't er sliepe soe, kwyt. Neffens wat de famylje no begrepen hat, is Remon op in stuit troch portiers en plysjes fuortstjoerd en siet er in skoft foar it gebou fan de C&A oan de Nijstêd. Hy soe dêr miskien sitten hawwe te wachtsjen op de jonge dêr't er sliepe soe. Om likernôch trije oere hat in meiwurker fan in kafee noch mei him praat en sein dat er syn jas tichtdwaan moast, omdat it kâld wie. Neffens dy man wie Remon goed oansprekber. Plysjeminsken hawwe noch ek mei him praat en him frege oft er in taksy nedich hie. Om fjouwer oere is er noch belle. Hy hat in twadde petear sa't it liket fuortklikt of wegere.

Dêrnei soene kamerabylden sjen litte dat er yn de buert fan de Lytse Tsjerkestrjitte wie. In speurhûn, ynset troch de famylje, liedt nei de achterkant fan teäter De Harmonie. By it wetter rint it spoar dea. Moandei is socht yn it wetter fan de Westersingel en by de Prinsetún. De famylje wol hiel graach dat minsken dy't yn Ljouwert wenje en kamera's hawwe, de bylden besjogge tusken 2 oere en 6 oere moarns fan tongersdei 30 novimber op freed 1 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)