Lêste oerlibjende oerfal iepenet tinkplak yn Blokhúspoarte

04 des 2017 - 17:28
Gerrit Fokkema yn de Blokhúspoarte (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De lêste oerlibjende fan de oerfal op de Blokhúspoarte yn Ljouwert yn de oarloch iepenet freed in bysûnder tinkplak yn de âld-finzenis. De sel dêr't de no 94-jierrige Gerrit Fokkema doedestiids as fersetsman yn fêstsiet, wurdt tenei brûkt as in plak dêr't dat ferhaal libjend hâlden wurdt.

De histoaryske sel is ûnderdiel fan in breder museaal programma dêr't it ferhaal fan de Blokhúspoart yn ferteld wurdt. Besikers kinne der ferskate histoaryske rûtes folgje. Foar bern is der aanst in game wêrmei't se yn de kunde komme kinne mei de skiednis fan de Blokhúspoarte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)