Reder skuldich oan dea bemanning Frisia, mar gjin straf

04 des 2017 - 17:10

Direkteur Van der Ploeg fan de rederij fan de Frisia is skuldich oan de dea fan trije bemanningsleden yn 2010. Dochs krijt er fan de rjochter gjin straf. De Fryske âld-bedriuwslieder fan it bedriuw, Klaas B., is frijsprutsen. Yn it fûnis stiet dat hy net ferantwurdlik is foar de flaters.

De Frisia sonk yn desimber 2010 krekt benoarden Skylge. Alle trije bemanningsleden kamen om it libben. Neffens de rjochter hat de direkteur net genôch feilichheidsmaatregels troffen en de bemanning soe mei te min training en sûnder it krekte foech ûnderweis west hawwwe. Neffens de rjochter is de direkteur dêrom meiskuldich oan de dea fan de bemanningsleden, mar hat it gjin doel om him straf op te lizzen, om't yntusken alle maatregelen naam binne om sokke ûngelokken yn de takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
Van der Ploeg Frisia rêder
(Advertinsje)
(Advertinsje)