FIDEO: Ferhalen út Kamp Amersfoort

04 des 2017 - 16:16
  • Neibesteande Hans Gobes út Harns fertelt oer syn pake dy't presys 75 jier lyn omkommen is yn Kamp Amersfoort
  • Russyske soldaten fusilleard yn Kamp Amersfoort
  • Rûnlieder Edie Brouwer oer hoe't gefangen binnen komme yn Kamp Amersfoort
  • Kamp Amersfoort wie foar de gefangenen in folsleine hel
  • De roazetún: gjin roazen, wol stikels...fan stikeltried
  • De besite fan it Harnzer echtpear Gobes oan Kamp Amersfoort

Fan út it eardere konsintraasjekamp Amersfoort organiseare de minsken rûnliedingen foar neibesteanden fan ombrochte gefangenen. Dy sykje se sels op en dat dogge se yn de tiid dat it presys 75 jier lyn is. Sa binne der ek ferskillende Friezen omkommen troch ophinging, úthongering, útputting, mishanneling of sykte.

Kamp Amersfoort wie in tige wreed kamp, dêr't de gefangenen altyd benaud wienen oft se der wol libbend weikomme soenen, al wie it in trochfierkamp en gjin ferneatigingskamp. Ferhalen fan sadistyske bewakers, Dútsers, mar ek Hollanders, foarmje in yn-en-yn-swarte skiednis fan dit kamp, dat folle minder bekendheid hat as bygelyks kamp Westerbork.

Gids Edie Brouwer docht de rûnliedingen en fertelt ûnder oaren hokker Friezen as der yn it kamp gefangen sitten ha. Mar ek oare ferhalen, lykas dat fan de Russyske finzenen, oer de roazetún en noch folle mear.

(advertinsje)