Abattoireigener krijt boete fan 3.000 euro

04 des 2017 - 15:51

De eigener fan it abattoir yn Drachten hat in boete fan 3.000 euro krigen, omdat er de regels foar it oanfieren fan fee net neifolge hat. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit hat by twa kontrôles kij fûn dy't net ferfierd en oanfierd wurde mochten hiene. Twa feehannelers krigen boeten fan 1.000 euro omdat se sike of ferwûne kij oanfierd hiene. Ien ko hie in wûne oan de poat dy't mei papier en ducttape ôfplakt wie.

De offisier fan justysje fûn dat de eigener fan it slachthûs te min tafersjoch hâlden hat. De rjochter wie it dêr mei iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)