Nije peallen: yntsjekke giet rapper en is better hearber

04 des 2017 - 15:15

Iepenbier ferfierder Arriva set mids jannewaris útein mei it ferfangen fan de yntsjekpeallen op Fryske treinstasjons. It giet om 173 peallen yn Fryslân en Grinslân. It yntsjekken by de nije peallen giet hurder, wêrtroch't de wachtrigen minder lang wurde op drokke tiidstippen. It yn- en úttsjekken makket boppedat mear lûd by de nije peallen.

Arriva sil yn oare regio's in eksperimint dwaan wêrby't ek yntsjekt wurde kin mei oare kaarten, lykas bygelyks Dútske iepenbierferfierskaarten of bankpassen. Mooglik dat soks op koarte termyn ek mooglik is by de Fryske yntsjekpeallen. De yntsjekapparaten yn de bussen feroarje net. Dy binne al by de tiid trochdat Arriva ferline jier nije bussen yn gebrûk naam hat

Trefwurden: 
Arriva yntsjekke
(Advertinsje)
(Advertinsje)