Heech krijt reuzewetterglydbaan

04 des 2017 - 17:15

It strân by Heech krijt in reuzewetterglydbaan dy't frij tagonklik is. Dy moat sa grut wurde dat der boppe-op in plato komt dêr't minsken fan it útsjoch genietsje kinne. De glydbaan moat ekstra toeristen, benammen húshâldingen mei jonge bern, nei it doarp lûke. It is in projekt fan de ûndernimmersferiening fan Heech. Op it strân moat drinken ferkocht wurde en binne strânstuollen en parasols te hier.

De glydbaan kostet goed twa ton. De provinsje betellet der yn alle gefallen 35.000 euro oan mei, dat jild komt út it Iepen Mienskipsfûns. Mei-elkoar krije 21 projekten yn Súdwest-Fryslân subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns. It giet om in ynvestearring fan goed 1,4 miljoen euro.

Trefwurden: 
Heech reuzewetterglydbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)