Priis foar gearwurking byb en Maeykehiem yn Sint-Nyk

De gearwurking tusken de biblioteek en Maeykehiem yn Sint-Nyk is mei in priis beleanne. It giet om in saneamde Social Sofa dy't moandei oanbean is. De gearwurking tusken de byb en de soarchynstelling betsjutte earder dit jier it behâld fan de biblioteek foar it doarp. De Social Sofa is in betonnen bank, bewurke mei mozayk troch minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk en stiet symboal foar ferbining.
Maeykes Bibliotheek past goed by de doelen fan in Social Sofa: moetingen realisearje, de leefberheid fan in wyk ferbetterje en it sosjaal ferbûn wêzen tusken bewenners in ympuls jaan. Dêrom is de priis takend. Maeykes Bibliotheek is de provinsjale winner fan in lanlike wedstriid ûnder alle biblioteken yn Nederlân. Yn elke provinsje is moandei in Social Sofa delset.