Stipe foar Sociaal Goudprojekten foar âlderein

04 des 2017 - 14:05

It gearwurkingsprojekt Sociaal Goud fan Miks Welzijn, Hof en Hiem, Thuiszorg en de NHL Hegeskoalle yn De Fryske Marren hat 25.000 euro subsydzje krigen fan de A.S. Talma Stichting. Sociaal Goud siket nei nije foarmen fan sosjale stipe foar âlderein en hat yn de gemeente meardere eksperiminten rinnen. Dan giet it bygelyks om studinten as au pair en buddys by âlderein.

De projekten binne der benammen op rjochte om de leefberens fan iensume âlderein te ferbetterjen. De subsydzje sil ynset wurde om it projekt út te wreidzjen. Minsken sûnder in baan soene bygelyks as buddy by âlderein oan de slach kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)