Nationaal Park Lauwersmeer hat nije webside

04 des 2017 - 13:19
Foto: Henk Postma

It Nationaal Park Lauwersmeer hat in nije webside. De webside biedt praktyske ynformaasje foar de besiker en ynformaasje oer de natuer yn it gebiet. It Nationaal Park is ien fan de belangrykste fûgelgebieten fan West-Europa. Goed 100 fûgelsoarten briede yn it gebiet fol wetter, eilantsjes, bosk, reidfjilden en rûge gerslannen en winterdeis ferbliuwe der tsientûzenen guozzen. Ek de see-earn briedt der wer sûnt in pear jier. It park hat ek de offisjele status Dark Sky Park, foar leafhawwers fan in heldere stjerrehimel.

De webside is betelle troch de provinsjes en gemeenten om it Nationaal Park Lauwersmeer hinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)