Bestjoerskrisis VVD-Ljouwert nei rasistyske tweet

04 des 2017 - 12:38

Ljouwerter VVD bestjoerder Gert-Jaap van Ulzen is opstapt as ponghâlder. Dat hat de partij nei spoedoerlis bekend makke. Oanlieding binne twa tweets fan Van Ulzen oer de anty-Swarte-Pyt-demonstraasje yn Dokkum fan ôfrûne sneon. Van Ulzen twittere dêroer: "Hallo, alle 6 neger facisten uit Amsterdam in de rel-nicht bus. Ga eens eens even heel rap normaal doen of linea recta naar huis. En vergeet de 40+ witmensen achterin niet mee te nemen. #mafklappers #dokkum" Letter kaam dêr noch in tweet efteroan mei de tekst: "In het eerste busje zitten 6 zwarte fascisten. De rest is opgevuld met witte fans uit het vak journaille..."

Van Ulzen wol net publyk reagearje om't dat mei it betsjoer sa ôfpraat is, mar neffens bestjoerslid Joël Heiner is der fan in sprekferbod gjin sprake.

(Advertinsje)
(Advertinsje)