Mear opsjes foar hierders De Fryske Marren

04 des 2017 - 12:32
De nije hierwenten hawwe sinnepanielen, mar gjin gasoansluting. - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Ferskate hierdersorganisaasjes, wenningboukorporaasjes en de gemeente De Fryske Marren hawwe ôfspraken makke oer it oanbod fan hierhûzen yn de gemeente. Hjirfoar binne saneamde prestaasjeôfspraken ûndertekene. It doel fan de ôfspraken is om genôch betelbere en kwalitatyf goeie hierwenningen beskikber te meitsjen yn De Fryske Marren. Sa wurde der ûnder oare op 'e Lemmer, yn Balk en op 'e Jouwer nije hierwenningen boud. Dêrnjonken sille der minder hierwenningen ferkocht wurde. De korporaasjes wolle ek ekstra ynsette op it duorsumer meitsjen fan de wenningen, troch bygelyks sinnepanielen te installearjen.

De organisaasjes binne fan doel better gear te wurkjen op it sosjale flak. Sa moat ynformaasje oer minsken dy't problemen feroarsaakje, of dy't sels problemen hawwe flugger dield wurde. De ôfspraken binne makke yn it ramt fan de Wenningwet 2015.

(advertinsje)
(advertinsje)