Hoe is it no mei de Syryske tigers?

Hoe giet it mei de twa Syryske tigers? Oardel moane ferline kamen de twa ferswakke tigers Sayeeda en Sultan fan in bistetún yn it Syryske Aleppo nei Nederlân. Yn opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap koene de bisten oansterkje en in better libben krije.
"Het gaat heel goed met de tijgers," fertelt fersoarchster Erin Liewes. "Ze zijn nu aardig op gewicht. Het vrouwtje Sayeeda is heel speels en onderzoekend. Het mannetje Sultan is wat afwachtender, maar we zien dat hij stap voor stap vooruitgaat. Hij vindt veel dingen nog spannend." De fersoarchster biedt ferskate saken oan, lykas jutesekken, kartonnen doazen en fleis, om natuerlik gedrach, lykas it ôfbakenjen fan it territoarium, te stimulearjen. De bisten binne oardel jier âld. "We zoeken voor ons centrum een nieuwe plek en als dat lukt, kunnen ze meeverhuizen en een mooi verblijf krijgen. Als dat niet lukt, gaan ze naar het reservaat Lions Rock in Zuid-Afrika waar ze permanent kunnen blijven."