Plysje siket mei boaten fierder nei fermiste Remon Bruinsma

04 des 2017 - 11:01
Foto: Facebook Ansje Dijkstra

De plysje giet moandei yn Ljouwert fierder mei de syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma. De 18-jierrige jonge fan De Westereen wurdt noch hieltyd fermist. Hy waard tongersdeitenacht foar it lêst sjoen yn de Alde Doelesteech en op de Nijstêd yn Ljouwert. Sneon waard yn de grêft oan de Nijstêd al nei him socht mei in plysjeboat, mar dat smiet neat op.

Mei meardere boaten en yn in grutter gebiet sil moandei socht wurde. De plysje besjocht dêrneist bylden fan befeiligingskamera's. Minsken dy't tips ha, wurdt frege harren te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)