Al mear as 10.000 euro foar VUmc ta neitins fan Dirk Baron

De donaasje-aksje dy't op tou set is ta oantinken oan Omrop-ferslachjouwer Dirk Baron hat oant no ta al mear as 10.000 euro opsmiten. De opbringst giet nei mear ûndersyk nei Alzheimer troch it VUmc Alzheimersintrum yn Amsterdam. Dirk Baron ferstoar ôfrûne tiisdei oan de gefolgen fan Alzheimer. Hy is 37 jier wurden.
De donaasje-aksje is op tou set troch syn neisten, yn de hope de sykte yn de takomst foarkomme of genêze te kinnen.