Ljouwerter oanhâlden foar rige oan oertredingen

04 des 2017 - 09:57
Foto: ANP

In 23-jierrige Ljouwerter moast moandeitemoarn betiid syn auto ynleverje. De man waard troch de plysje oan de kant set om't er opfoel troch syn rydstyl. Ut ûndersyk die bliken dat de auto net fersekere wie, dat de APK ferrûn wie, dat de man noch boetes útstean hie en dat hy noch DNA ôfstean moast foar in oar ûndersyk.

Nei't de plysje drugs yn syn auto fûn, waard in drugstest ôfnaam. Ut dy test die bliken dat de man THC brûkt hie. De Ljouwerter hat meardere prosessen-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)