Ternaard hat noed oer plannen gaswinning

Ynwenners fan Ternaard meitsje har soargen oer de gefolgen fan de gaswinning by it doarp. Mei in byienkomst yn it doarp op moandeitejûn wol it ministearje fan Ekonomyske Saken de ûnrêst fuortnimme. It ministearje wol omwenners aktyf belûke by de plannen foar de omjouwing.
Henk Vellinga is belutsen by in aksjegroep dy't de gaswinning tsjinhâlde wol. Hy tinkt dat se der net útkomme om't beide partijen yn in patstelling sitte. "De NAM minimalisearret it probleem en seit dat se mei de hân oan de kraan wurkje en dat we noch net sûnder gas kinne, mar wy wolle sekerheid ha dat der net wat gebeurt sa as dat yn Grinslân wol it gefal is. We wolle gewoan net dat nei gas boarre wurdt, mar ik twivelje oft nei de gearkomste de noazen deselde kant út steane." Vellinga wennet sels yn in âld pleatske út 1905. "It soe oarsom wurkje moatte, net dat wy as bewenners mei skea oan wenningen bewize moatte dat dat troch boaiemdelgong as gefolch fan gaswinning komt."
By Ternaard en ûnder it Waad leit in gasbel fan 25 miljard kúb. De NAM soe dêr fjouwer miljard út helje wolle.