Famylje De Vries mei de measten yn Fryslân

De achternamme De Vries komt it meast foar yn Fryslân. De namme is mear as 2100 kear registrearre. De namme De Jong einige op it twadde plak mei krekt wat mear as 2000 fermeldings, Dijkstra waard tredde en wurdt hast 1400 kear neamd. Dat docht bliken út ûndersyk troch telefoonboek.nl. Earder die út ûndersyk fan it telefyzjeprogramma EenVandaag al bliken dat hast 80 prosint fan de Friezen him as har ferbûn fielt mei de provinsje.