Dokkumer ûndernimmers hawwe skea hân fan manifestaasje

De ûndernimmers yn Dokkum hawwe it ôfrûne wykein skea hân fan de anty-Swarte Pitemanifestaasje, dat seit Eelke Zwart fan de ûndernimmersferiening yn de stêd. Net alle ûndernimmers hawwe skea, sa seit Zwart: "It is wikseljend. Mar it is dúdlik dat elkenien der wol wat fernaam hat. Der binne in tal ûndernimmers, benammen yn de kado-sfear, dy't it bot fernaam hawwe."
Ek de lokaasje yn de stêd hie in ympakt op hoefolle skea de ûndernimmers úteinlik fan de manifestaasje hiene. Foar de winkels yn de binnenstêd like it op in ridlik gewoane sneon. Mar "hoe tichter it by de demonstraasje kaam, hoe mear de ûndernimmers der lêst fan hiene," fertelt Zwart.
Noch in dreun
De ûndernimmers yn de stêd hiene al ynkalkulearre dat der mei de yntocht in delgong yn de omset wêze soe, mar dizze sneon wie gjin rekken mei hâlden. "Je prate net samar oer in gewoane sneon," seit Zwart "de Sinteklazesneon is foar de measte ûndernimmers de bêste sneon fan it jier. It hie it goedmeitsje kinnen wat it ús mei de yntocht koste hat. Allinnich guon hawwe der no in dreun boppe-op krigen, en ik haw sels heard dat it by guon yn de tûzenen euro's rint." De finansjele skea soarget der ek foar dat de ûndernimmers mei mingde gefoelens nei de hele diskusje sjogge: "It is hartstikke moai dat der in rjocht fan demonstraasje is, mar dat giet no ten koste fan oare minsken, en dêr hawwe wy muoite mei."
Grut tal plysje
Boargemaster Waanders sjocht oer it algemien posityf werom op it wykein, en dat hat te krijen mei it feit dat de manifestaasje fan de anty-Swarte Pyt groep sûnder grutte ynsidinten ferrûn is. Benammen troch de goeie tariedings koe it evenemint goed ferrinne, tinkt de boargemaster. Op strjitte en op social media wie lykwols in soad krityk op it grutte tal plysjeminsken dat ynset waard foar de manifestaasje. "Dat bart faak," seit Waanders, "as it goed rint sizze minsken 'der wie in soad plysje', en as it min ferrint dan binne de lûden 'wêr wie de plysje'."
Bliidskip oer yntocht bliuwt
Waanders fynt it wol tige spitich dat de ûndernimmers no de dupe wurden binne fan alle argewaasje. "Wy hawwe ferline wike praat mei de ûndernimmers, wy hawwe doe ek sein dat de demonstraasje barre moast, en dat snapten de ûndernimmers. It is tige spitich foar harren, en wy binne bliid dat it no allegearre west hat." Nettsjinsteande alle negativiteit sjocht Waanders mei in goed gefoel werom op de hele yntocht: "It is spitich dat dit no allegearre barre moast, mar de bliidskip oer it grutte feest bliuwt, krekt lykas de moaie plaatsjes dêrfan."